13 en 14 maaie
Sneon hat Baukje Aalbers út Mantgum mei Fokje Hoekstra en Joutsen Okkema yn Ferwert de wedstriid d.e.l. foar de dames senioaren wûn. De tredde priis gong nei Riemke van der Zee út Mantgum mei Margarietha Goodijk en Aukje van Kuiken
De d.e.l. wedstriid foar de 50+ manlju yn Hilversum is sneon wûn troch it partoer fan Johan Sikkema (Emmeloord), Harry de Boer (Sint Nicolaasga) en Tom Twerda (Putten). Johan is fansels âld Mantgumer.
En dan fansels de earste grutte klus fan de JK fan JK.
Om healwei alven begongen alle bern mei in warming up. Elts krige in ballon mei in toutsje oan it ankel en hja moasten prebearje de ballon fan de oare bern stikke te traapjen. Kristian van Zadelhoff syn ballon bleaun hiel. Oar de dei binne der trije omlopen keatst, hieltyd mei in oare maat. Oan de ein fan de dei wienen de priiswinners bekend. By de pupillen wie de 3e foar Jan van der Meer, de 2e foar Jente Wieberen Muller en de !e priis foar Geart Reitsma. By de skoaljeugd wie Martin Weda de 3e priis winner, Hendrika Reitsma hie de 2e en de 1e priis wie hjir foar Johannes Muller. Hjirneist de dielnimmers.
Geplaatst op 14 May 2006